Ina Dammanpriis nei Wim Hazeu

10 okt 2012 - 12:34
  • Biografy Vestdijk mei Wim Hazeu

Wim Hazeu krijt dit jier de Ina Dammanprijs. Hazeu is de biograaf fan Simon Vestdijk (1898-1971). Hy krijt de priis fan de Vestdijkkring foar syn grutte ynset om it libben en wurk fan Vestdijk ûnder de oandacht te bringen fan in grut lêzerspublyk. Vestdijk is yn Harns berne yn 1898 en gie dêr ek nei skoalle. Letter folge er de Ryks-HBS yn Ljouwert. Syn jeugd yn Fryslân komt werom yn syn autobiografyske Anton Wachterromansyklus. De priis bestiet út in jildbedrach en in byld dat Mieke Vestdijk makke, de widdo fan de skriuwer.

Ina Damman is it famke dêr't Anton Wachter fereale op wurdt yn de Anton Wachterromans fan Simon Vestdijk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)