Imtech is fallyt ferklearre troch de rjochtbank

13 aug 2015 - 17:37
  • Kantoar Imtech Drachten

Technysk tsjinstferliener Imtech is fallyt ferklearre troch de rjochtbank yn Rotterdam. Dat hat it bedriuw bekend makke. Tiisdei waard útstel fan betelling oanfrege nei de fallisemintsoanfraach fan Imtech Dútslân. Neffens Imtech wurde de ûnderdielen Marine en Nordic bûten de groep pleatst mei it each op in oansteande ferkeap.

Dêrtroch kinne der 7.300 fan de 22.000 banen behâlden bliuwe. Imtech hat in fêstiging yn Drachten, dêr't 80 minsken wurkje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)