Imago-ûndersyk Fryslân

20 jun 2009 - 17:51

Friezen binne net stiif en Fryslân leit tichteby as tocht. Dat binne sa mar wat útkomsten fan in imago-ûndersyk fan toeristysk buro Fryslân Marketing. Dêrút docht bliken dat it byld dat minsken fan Fryslân ha, sûnt 2004 positiver wurden is.

Net langer stiet Fryslân foaral bekend om it wetter. Minsken tinke ek faker oan saken as kultuer, natuer en âlde stêden. Nettsjinsteande it positive byld, binne der yn 2008 minder minsken nei Fryslân kaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)