Imago Heechstrjitte moat better

26 okt 2004 - 12:26

Om de Grutte Heechstrjitte yn Ljouwert wer in imago te jaan, wurde yn desimber allegearre krystaktiviteiten organisearre. De strjitte hat de lêste tiid faak negatyf yn it nijs west mei bygelyks sjitpartijen en de stekpartij wêrby't Manuel Fetter om it libben kaam.

De ûndernimmers yn de strjitte hawwe no it inisjatyf foar allegear kryst- aktiviteiten naam. It giet dan bygelyks om in krystbazaar en sjongkoarkes dy't de strjitte opfleurje moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)