IM: Oanriding mei fytser is moard of deaslach

24 mrt 2016 - 10:50
  • Dizze foto waard koart nei de oanriding makke

De 81-jierrige automobilist, dy't moandei belutsen wie by in deadlik ûngelok yn Dokkum, wurdt fertocht fan moard of deaslach. Hy wurdt tongersdeitemiddei foarlaat oan de rjochter-kommissaris.

By de oanriding op de Wâlddyk kaam in 80-jierrige fytser om it libben. Op syn lichem is seksje ferrjochte. Nei oanlieding fan nije ynformaasje en petearen mei tsjûgen komt de plysje no ta de konklúzje dat it mooglik net om in ûngelok gie.

Der wurdt noch wol socht nei mear tsjûgen, benammen minsken dy't krekt foar it foarfal noch mei de belutsenen praat hawwe, of dy't it foarfal sjoen hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)