IM ferfolget De Boer Drachten om wegere staazje

18 feb 2016 - 17:18
  • It gebou fan lânboumeganisaasjebedriuw De Boer yn Drachten

It Iepenbier Ministearje sil in 42-jierrige man út De Pein fan it Drachtster bedriuw A. Th. de Boer út Drachten ferfolgje yn ferbân mei diskriminaasje fan Bas van der Meer út Grins. It meganisaasjebedriuw wegere Van der Meer in staazjeplak, omdat hy iepenlik foar syn homoseksuele ''gerichtheid'' útkaam. Woansdeitejûn waard al bekend dat it College voor de Rechten van de Mens, Bas van der Meer yn it gelyk steld hie.

Diskriminaasje

​It Iepenbier Ministearje komt ta it beslút fan ferfolging, omdat it wetboek fan strafrjocht bepaalt dat diskriminaasje yn it útoefenjen fan in bedriuw yn ferbân mei homoseksuele ''gerichtheid'' ferbean is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)