Ilyushin ôfset nei Djibouti

21 mrt 2011 - 14:42
  • De Lynx-boardhelikopter (foto: Ministearje fan Definsje)

Oerdel oere letter as soe, is fan de Ljouwerter fleanbasis ôf in Ilyushin frachtfleantúch ôfset nei Djibouti. Oan board fan it fleantúch sit in marinehelikopter dy't bedoeld is foar it marinefregat Hare Majesteit Tromp.

Dat skip en de hely wurde ynset yn de striid tsjin piraterij foar de kust fan Somalië. De helikopter dy't no op transport set is, ferfangt de hely dy't de marine koartlyn brûkte foar in rêdingsaksje yn Libië. By dy aksje waard de helikopter yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)