Ilanois presintearret nije cd

22 jan 2011 - 12:45
  • Ilanois

De Fryske band Ilanois hopet mei har nije cd lanlik troch te brekken. De cd 'Chase the sundown with me' waard freedtejûn presintearre yn teater Romein yn Ljouwert. Ilanois rôp by it meitsjen fan de CD de help yn fan in ferneamde bûtenlânske producer en in mikser. Neffens sjonger Ilan Palstra is de twadde cd in stik 'dynamysker en profesjoneler' as de earste. Kommende woansdei is der ek noch in twadde cd-presintaasje yn Paradiso yn Amsterdam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)