Ikeprosesjerûp net te kearen

05 apr 2011 - 22:56
  • Nêst fan de ikeprosesjerûp

It sil net lang mear duorje foardat yn it súdeasten fan de provinsje de ikeprosesjerûp wer yn de beammen sit. Troch it hite waar fan it wykein komme de aaikes earder út as ferwachte.

De oerlêst fan brânnende hierkes, dy't de rûp loslit as er folgroeid is, komt dus ek earder as ferwachte. Earder kaam de ikeprosesjerûp allinne yn it suden foar, mar op hieltiid mear plakken yn Fryslân dûkt it bist op. Eksperts tinke dat nije wike de rûpkes alwer yn de beammen sitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)