Ikepaazje op It Amelân

16 aug 2012 - 12:04
  • ikepaazje

Op It Amelân is woandei in nije flintersoart ûntdusten, de ikepaazje. De flinter komt wol foar op Skylge en is ek wolris op Skiermûntseach, Flylân en Teksel sjoen, mar nea earder op It Amelân. Johan Bolijn út Hollum seach de flinter. It mantsje fan de ikepaazje hat in blau-pearse glâns en is 16 milimeter grut. It froutsje is hiel donkerbrún. Op de Waadeilannen komme der folle minder flintersoarten foar as op it fêstelân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)