IJnsen nije wethâlder Amelân

07 aug 2001 - 00:00

It Amelân hat in nije wethâlder. It giet om Piet IJnsen fan Algemeen Belang Ameland. Ferline wike hie Nagtegaal fan de VVD him noch as iennichste kandidaat steld. Doe't op 'e riedsgearkomste moandei bliken die dat ek IJnsen kandidaat wie, luts Nagtegaal him werom.

IJnsen folget Bakema fan Ameland '82 op, dy't opstapte nei in kritysk rapport oer syn wurkwize.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)