'IJe Wykstra' rint as it spoar

19 maaie 2005 - 12:23

Der komt in ekstra foarstelling fan it Frysktalige iepenloftspul oer IJe Wykstra. It bestjoer fan de stifting Iepenloftspul De Harkema hat dêrta besletten omdat de kaarten foar de fjouwer foarstellings hast útferkocht binne.

It stik wurdt no opfierd op 30 juny en op 1, 2, 4 en 5 july yn temapark De Spitkeet by De Harkema. IJe Wykstra hat yn 1929 fjouwer fjildwachters op brute wize fermoarde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)