IJB Geotechnyk wreidet út

19 mrt 2009 - 16:55

IJB Geotechnyk, in ûnderdiel fan it Lemster bedriuw IJB Groep, nimt Flevo Geotechnyk yn Lelystêd oer. Dat bedriuw hâldt him ûnder oare dwaande mei fundearringstechnyk. De IJB Geotechnyk hopet mei de oername syn posysje yn de provinsje Flevolân te fersterkjen.

De IJB Groep nimt neist de bedriuwsfiering ek it personiel en de materialen fan Flevo Geotechnyk oer. De festiging yn Lelystêd bliuwt bestean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)