Iiswille yn Fryslân

17 jan 2001 - 13:58

Der is wer efkes tiid foar winterwille. De froast fan ôfrûne nachten hat op guon plakken yn Fryslân foar in kreaze iisflier soarge. At de froast trochset kin der fan woansdei ôf folop riden wurde.

De iisflaktes by de Ryptsjerkster polder en it Nannewiid lûke in soad riders. Op it Nannewiid waard tiisdei ek al folop iissyld. It iis is lykwols noch lang net oeral betrouber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)