IIswille yn de provinsje

03 jan 2010 - 14:48
  • De iisbaan yn Toppenhuzen
  • Dizze snieskower gong troch it iis fan it Nannewiid (foto: Jansje Faber)

Je moasten der faak wol in barre tocht troch de snie foar oer hawwe, mar dit wykein koe op guon plakken yn de provinsje riden wurde. Benammen op de iisbanen by guon doarpen wie it tige drok mei minsken dy't harren earste rûntsje fan it jier draaie woene.

Al is it iis troch de snie net fan al te grutte kwaliteit, de iiswille wie der net minder om. Yn guon plakken, lykas Nijlân en Aldlemmer waarden al koartebaanwedstriden holden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)