IIswille goed foar de Omrop

12 feb 2012 - 11:42

Omrop Fryslân hat mei de winter fan de ôfrûne wiken hege hark- en sjochsifers helle. De ynternetside fan de Omrop helle ek in rekôrtal besikers.

Foaral de dagen doe't der sprake wie fan in mooglike alvestêdetocht, wisten de minsken de Omrop goed te finen. De parsekonferinsje fan it bestjoer fan de Alvestêdeferiening waard sjoen troch sa'n 150.000 minsken, dat is mear as dat der op dat stuit nei oare stjoerders seagen.

De ynternetside fan Omrop Fryslân belibbe ôfrûne tiisdei in topdei mei hast 120.000 besikers, mear as seis kear safolle as op in gewoane dei. De webcam dy't de Omrop delset hat yn de tún fan waarman Piet Paulusma, mei de blik op in stik fan de Alvestêderûte, wie ek in grut sukses. Dêr waard mear as 100.000 kear nei sjoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)