IIstransplantaasje Alvestêden

04 feb 2012 - 16:30

Yn Wytmarsum wurdt sneontemiddei besocht mei iisskossen in grut wek op de Alvestêderûte ticht te meitsjen. Meiwurkers fan de iiswegesintrale seagje blokken iis út dy't mei in kraan yn it wek yn de Boalserterfeart skood wurde. It giet om in gat fan sa'n 4 by 20 meter.

It plak is ek wol bekend as it Piet Venemawek. It is neamd nei de eardere iismaster fan de Alvestêdeferiening. Venema joech op dat plak faak ynterviews oan de lanlike media oer de kâns op in Alvestêdetocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)