IIstinte Nannewiid leslokaal

21 apr 2010 - 21:38

It eardere iiskotintsje by it Nannewiid wurdt in bûtenlokaal foar de skoalbern fan Aldehaske. Yn gearwurking mei Steatsboskbehear krije de bern fan de skoallen de Tarissing en It Haskerplak les út it bûtenlokaal wei.

Yn it bûtenlokaal is romte foar in lytse tentoanstelling, it is it startpunt fan in fytsrûte en der binne spultsjes te dwaan om mear te learen oer de natoer. Der sil benammen oandacht wêze foar it ûntstean fan fean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)