IIstidemuseum kin ferbouwe

16 jan 2012 - 11:37

It IIstidemuseum yn Bûtenpost hat genôch sinten by elkoar foar ferbouwing en útwreiding. It giet om in ton. Dat is foar in part subsydzje fan provinsje en gemeente, mar de grutste slompe jild komt fan bedriuwen en ynstellings yn de omjouwing. Musea kinne sûnt dit jier allinnich mar subsydzje krije as sy ek sponsere wurde troch de omjouwing en dat is no slagge.

It museum wurdt in stik grutter sadat der mear eksposysjes te sjen binne. Dêrneist wol it museum ek rûtes foar kuierders, fytsers en auto's útstippelje.

Dy tochten liede nei plakken yn de natuer dy't yn it museum te sjen binne. De ferbouwing begjint ein dit jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)