IIsstokjesboat te keap

03 sep 2010 - 08:44

Der is al 30-tûzen euro bean op de iisstokjesboat fan Robert McDonald. De boat is te keap op de webside Marktplaats. Yn july waard it skip, dat makke is fan 15 miljoen iisstokjes fan Emmeloord nei Grou ferfierd. Dêr leit it no by de yngong fan it Aquaverium as boartersattraksje. De Thor, sa't de boat doopt is, is troch McDonald makke om kadootsjes te bringen by sike bern. Troch persoanlike omstannichheden wol McDonald it no ferkeapje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)