IIssportdei foar handikapten

18 mrt 2008 - 11:52
  • mei de rolstoel it iis op
  • de earste streekjes sette

500 mytyllearlingen út Beetstersweach, Swolle en Haren hiene tiisdei in iissportdei yn Thialf op it Hearrenfean. It giet om bern mei in lichaamlike of mearfâldige handikap. Se koene reedride ûnder begelieding fan reedriders as Jan Bos, Margot Boer en Sjoerd de Vries. Der wie ek in optreden fan sjonger Thomas Berge.

De dei waard organiseard troch de Johan Cruyff Foundation.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)