Jan Oostenbrug nimt ôfskie as iismaster

20 des 2014 - 13:55
  • It ôfskied fan iismaster Jan Oostenbrug

Jan Oostenbrug hat sneon op de ledegearkomste fan de Alvestêdeferiening ôfskie nommen as iismaster fan de feriening. Oostenbrug hat tolve jier iismaster west. Hy bliuwt foarsitter fan De Friesche IJsbond .

Oostenbrug is opstapt omdat foarsitter Wiebe Wieling muoite hie mei de 'twa petten' fan Oostenbrug. It iisbûn is ferantwurdlik foar it natoeriis sadree't it begjint te friezen. De Alvestêdeferiening komt pas yn aksje as der al frijwat iis leit en de tocht mooglik yn byld komt.

IIsbûn en Alvestêdeferiening hawwe foar de takomst goeie ôfspraken makke oer de gearwurking. Oostenbrug sil dêrom yn de praktyk noch gauris optrede as adviseur fan de Alvestêdeferiening. Yn it bestjoer fan de feriening wurdt Oostenbrug opfolge troch Sytse Prins. Fan de manmachtich opkommen leden krige Oostenbrug sneon in steande ovaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)