IIskostokjesboat nei Grou

19 jul 2010 - 17:08

De iiskostokjesboat Thor is moandei nei Fryslân fearn. Hy is makke troch de Amerikaan Rob McDonald fan 15 miljoen iiskostokjes en 2,5 ton lym. McDonald wennet al jierren yn ús lân.

Moarns betiid sette de Thor út Emmeloord ôf nei it Aquaverium yn Grou, it nije lisplak foar de iiskostokjesboat. Dit om 't eigner McDonald fanwege sykte it skip net mear ûnderhâlde kin. De iiskostokjesboat moat ekstra publyk nei it Aquaverium lûke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)