IIsko's bestelle fia sms

24 maaie 2009 - 12:58
  • Yn de rige stean foar in iisko hoecht net fia de nije service

Klanten fan iismakker 'Min 12' hoege net mear yn de rige te stean foar in iisko. Dy kin op strjitte fia sms besteld wurde. De iiskomakker hat hjirmei de Fryske primeur. De klanten moatte lykwols wol ynternet op har mobyl ha.

As alles goed yntoetst is, kinne de klanten in minút letter har iisko by de toanbank ôfhelje. It foardiel foar de klanten is dat se net mear yn de rige hoege te stean en folle earder de iisko krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)