IIsklups goedkeaper út yn netwurkgroep los fan KNSB

30 nov 2014 - 15:17
  • iisbaan de pein

In nije netwurkgroep moat derfoar soargje dat natueriisklups net mear hege kontribúsjebydragen hoege ôf te dragen oan reedrydbûn KNSB. Guon iisklups moatte wol 800 euro yn it jier betelje. De hege kontribúsje is de reden dat noch mar hûndert Fryske iisklups lid binne fan de KNSB.

Yn it nije plan soene alle Fryske iisklups harren útskriuwe moatte by de KNSB en oanslute by de noch op te rjochtsjen Netwurkgroep fan it Gewest Fryslân. Dy netwurkgroep kostet in klup 125 euro yn it jier.

Foar dy 125 euro yn it jier krije de klups bygelyks advys foar de oanlis fan iisbanen en ferljochting, kursussen en help by prosedueres mei gemeenten. Foar it plan is in soad animo ûnder de iisklups, sa die sneon bliken op in ledegearkomste fan it Gewest Fryslân fan 'e KNSB.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)