IIshockeykompetysje bliuwt

12 sep 2014 - 18:06
  • De iishockeyers fan de UNIS Flyers

Der is kommend seizoen dochs iishockey op earedivyzjenivo yn Nederlân. Neist de Flyers fan It Hearrenfean, de Belgyske klub HYC, de Tilburg Trappers hawwe ek de Eaters Geleen en de Eindhoven Kemphanen tasein dat se trochgean wolle.

De takomst fan it iishockey stie faai om't HIJS Den Haag en Dordrecht Lions net genôch jild hawwe om noch langer mei te dwaan. En mei mar fiif teams seach Eindhoven de kompetysje earder ek net sitten, mar sy ha har no betocht. Der wurdt noch ûndersocht oft takom jier in kompetysje opset wurde kin mei Dútslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)