IIshockeybekerfinale net live op ynternet

01 jan 2015 - 16:44

It bedriuw Sportsbroadcasting fan âld Flyers-foarsitter Danny Micola mei de iishockeybekerfinale tusken Unis Flyers en Destil Trappers út Tilburch net live útstjoere op ynternet. Nasjonaal iishockeybûn NIJB hat dat ferbean. Neffens Micola jout de NIJB as reden dat noch net alle kaartsjes foar de bekerfinale op 11 jannewaris ferkocht binne.

In streekrjochte útstjoering soe mooglik besikers thús hâlde. Micola tinkt dêr oars oer. Syn bedriuw 'streamt' faak wedstriden fan de Flyers en Geleen en dat giet nea ten koste fan it tal besikers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)