IIshockey: Flyers ferlieze

13 mrt 2005 - 21:53

De Vadeko Flyers binne der sneontejûn net yn slagge om fan Amsterdam Bulldogs te winnen. De Flyers ferlearen mei 1-5. Dizze wedstriid stie op it programma yn it ramt fan de finale fan de play-offs.

Twa perioades lang koenen de Flyers Amsterdam goed byhâlde, mar der waard net skoard. De perioadestannen wiene 0-1, 0-1 en 1-3. Nije wike freed spylje de Flyers út yn Amsterdam de tredde wedstriid yn de play-offs. Dy moat wûn wurde, oars is Amsterdam kampioen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)