Iishockey-bernetoernoai Thialf

27 sep 2014 - 13:24
  • Entûsjaste bern by it Theo Koperdraad Toernooi

In pear hûndert bern hawwe sneon op Thialf Hearrenfean meidien oan it Theo Koperdraad Toernooi. Dit iishockeytoernoai hat as doel om bern entûsjast te krijen foar de sport. It wie de 10e edysje, mar de ôfrûne jierren is it toernoai net hâlden. In nij bestjoer hat it no wer nij libben ynblaasd mei in nije opset. Bern dy't berne binne yn 2001 en 2002 mochten meidwaan. De dielnimmers kamen net allinnich út Nederland, mar ek út Dútslân en België.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)