IIshal is net taak fan gemeente

31 okt 2002 - 00:00

De eksploitaasje fan in iishal is net in taak fan de gemeente. It kolleezje fan Ljouwert hâldt fêst oan dit stânpunt. De gemeente wol dêrom ek net meibetelje oan de ferhuzing. D66 en Christen Unie wolle de iishal nei it easten fan de stêd ferpleatse.

De hal soe yn kombinaasje mei swimbad It Kealledykje boud wurde moatte. Beide hallen kinne elkoars ynstallaasje brûke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)