IIshal Ljouwert giet net foar woansdei iepen

03 jan 2016 - 11:23
  • It aggregaat dat de iisflier yn Ljouwert kâld hâlde moat
  • De Elfstedenhal

De iishal yn Ljouwert is ek moandei en tiisdei noch ticht. Sneon is in ferdielkast fan de hal dy't derfoar soarget dat de stroom de hal ynkomt stikken gien. De leveransier fan de kast kin moandei pas útslútsel jaan wannear't der in nije kast komme kin. Se stean foar in riedsel oer de oarsaak fan de koartsluting.

Der stean no aggregaten dy't it iis op temperatuer hâlde sadat de iisflier wol lizzen bliuwt.

Troch de koartsluting ûntstie sneontemoarn in lytse brân. De iishal is dêrop ûntromme en de minsken binne nei hûs ta stjoerd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)