IIsgroei Alvestêderûte falt ôf

07 feb 2012 - 12:32
  • Alvestêderoute
  • Alvestêderoute

It iis op de Alvestêderûte is moandeitenacht wol wat groeid, mar oft in Alvestêdetocht mooglik is, spant derom. De lêste ferwachting fan Piet Paulusma is dat it moandei teiwaar wurdt. Ek snein rinne de temperatueren al op. It byld is hiel wikseljend.

Yn it noarden fan de provinsje liket it wol aardich. Dêr leit no op de measte plakken sa'n 10 sintimeter iis, op inkele knipepunten nei. Wat dat oangiet soe miskien sneon wol riden wurde kinne. It grutte probleem bliuwt de súdwesthoeke.

Moandei is bygelyks de Luts by Balk sniefrij makke en nachts hat it ek wol 16, 17 of 18 graden ferzen. Mar it effekt falt freeslik ôf. De ferwachte iisgroei is in sintimeter per nacht en dan moat it noch aardich frieze. Op in soad plakken is noch 5 oant 6 sintimeter nedich. Dan komme je út op snein.

De ferwachting is wat dat oanbelanget net geunstich. Want foar tongersdei foarseit Piet Paulusma in dip yn de winter, dus dan friest it kwalik mear. En snein gean de temperatueren omheech en moandei hawwe wy teiwaar.

De situaasje yn de súdwesthoeke:
Rayon Gaasterlân: gemiddeld 6 sintimeter
Rayon Snits: in sintimeter as 10, ferwachte groei dêr oant 1 sintimeter
Rayon Waldsein: 8 oant 10 sintimeter, fannacht ien oant oardel sintimeter der by, mar ek in tal mindere plakken.
Rayon Sleat: 10 oant 12 sintimeter, mar ek plakken mei noch mar 6 oant 7 sintimeter.
Rayon Galamadammen: 7, 8, 9 sintimeter, wolris wat mear, mar ek wol plakken dêr't noch mar 5 sintimeter leit. It akwadukt by de Galamadammen is echt in probleem. Der sit noch in waaiwek yn it Frisokanaal. Op plakken leit noch flink wat snie op it iis, dêr wurdt tiisdei echt hiel drok oan wurke, om de baan der echt troch te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)