IIsfûgel docht it goed

21 mrt 2014 - 17:17
  • IIsfûgel

It liket in goed jier foar de iisfûgel te wurden. Dat meldt Sovon fûgelûndersyk. De opfallende blau mei oranje fûgel profitearret fan de mylde winter. Dêrneist binne de fûgels dit jier ek betiid begûn mei it besetten fan in briedplak. As de omstannichheden geunstich bliuwe, kin de iisfûgel meardere kearen briede yn it jier.

It herstel fan de populaasje is nedich, want de lêste jierren gie it min mei de iisfûgel. Gerrit Tuinstra fan Lânskipsbehear tinkt dat der noch sa'n fyftich oant sechtich iisfûgels yn Fryslân binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)