Iisbûn: 'Ophâlde mei meallen'

09 feb 2010 - 16:19

It Fryske iisbûn wol dat Wetterskip Fryslân fuortendaliks ophâldt mei it meallen. Mei de kommende froastperioade yn it foarútsjoch soe it mooglik wêze moatte om tal fan toertochten te organisearjen, mar dan moat it wetter wol stillizze. Sa lang it wetter streamt groeit it iis net of mar in bytsje oan.

Johannes de Vries fan it iisbûn stjoerde dêrom dit wykein in brief nei it wetterskip mei it fersyk om sa gau mooglik op te hâlden mei it mealwurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)