IIsbûn en alvestêden wer ien

13 des 2013 - 11:30
  • Wiebe Wieling
  • De Harmonie siet fol foar de ledegearkomste fan de Alvestêdeferiening

IIsbûn en de feriening de Friesche Elfsteden bliuwe bestjoerlik mei-inoar ferflechte. Hoe krekt is noch net hielendal dúdlik. Dat sil foarsitter Wiebe Wieling fan feriening de Friesche Elfsteden freed fertelle op de ledegearkomste. No wurdt de funksje fan iismaster by beide bestjoeren ynfold troch iismaster Jan Oostenbrug.

Dy situaasje is lestich, omdat útspraken fan immen yn sa'n funksje ferkeard ynterpretearre wurde kinne. Nei alle gedachten wurdt yn de takomst ien ferantwurdlik foar de kontakten tusken iisbûn en alvestêdeferiening.

.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)