IIsbrekkers op Waad en Iselmar

04 des 2010 - 10:37

Rykswettersteat set sneon in iisbrekker yn om de farrûtes op it Waad iepen te hâlden. Dat wurdt dien mei De Javazee, in skip dat gewoanwei by it rêdingsmuseum yn Den Helder leit. De ôfrûne dagen is der ûnderhâld oan it skip dien en sneon kin it foar it earst ynset wurde.

Al sûnt tongersdei binne der iisbrekkers aktyf op de Iselmar. Dy hâlde dêr de wichtichste farrûtes iepen. It grutste diel fan de mar is net mear begeanber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)