IIsbanen wurde taret op froast

23 nov 2010 - 12:32

Fryske iisklups binne al wer dwaande mei de tariedings foar de iisbanen. Neffens guon waarfoarsizzers komt der dizze wike noch froast. Dat is reden foar guon iisferienings- en klups om de tariedings foar de iisbaan klear te meitsjen.

Mooglik kin der fan 't wykein al reedriden wurde. Bestjoerlid Hetty Hettinga fan de iisferiening yn Wergea wol it earst sjen en dan pas leauwe. Mar de iisbaan by it dorp soe iepen kinne as it ferzen hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)