IIsbanen binne al iepen

01 feb 2012 - 16:17
  • De iisbaan fan Boalsert is fernield

De iiswille is woansdei echt begûn. De earste iisbanen giene iepen lykas dy fan Boalsert. Dêr wie it noch wat te betiid. Om ien oere mochten de riders it iis op, mar oardel oere letter koe op guon plakken al net mear riden wurde. It iis wie noch te tin en de riders sakken der troch hinne. Gefaarlik wie it net, want de baan leit op in skeelerbaan en is mar 'ankeldjip'. Der wie wol kâns op wiete fuotten.

Yn Toppenhuzen wie de baan allinnich foar bern iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)