IIsbaan kostet 325 tûzen euro

06 mrt 2008 - 15:03

De oanlis fan de nije iisbaan fan Surhústerfean kostet 325 tûzen euro. De iisbaan wurdt foar de winter ferpleatst nei de Vierhuisterwei, omdat op it hjoeddeiske plak huzen komme. Oan de Vierhuisterwei komt in grut sportkompleks, dêr't de iisbaan diel fan útmakket.

De nije iisbaan krijt in toplaach fan asfalt. Dêrtroch kin der simmerdeis op skeelere wurde en winterdeis kinne de reedriders dêrop telâne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)