IIsbaan KNSB net nei Boalsert

14 nov 2007 - 19:50

Der stiet tongersdei gjin iisbaan fan de KNSB by de Sint Maartenskoalle yn Boalsert. De aktiviteit is fanwege omstannichheden troch de skoalle ôfsein. Der wurdt noch socht nei in ferfangende datum.

It reedrydbûn besiket mei de iisbaan bern entûsjast te meitsjen foar it reedriden. De baan reiziget lâns in tal grutte skoallen yn Nederlân. Yn Fryslân wurdt allinne Boalsert oandien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)