Iisbaan Boalsert wer fernield

10 feb 2010 - 10:29

De iisbaan fan Boalsert is foar de fjirde kear dit seizoen fernield. It bestjoer fan de iisferiening hie de baan sneon wer ûnder wetter set. Moandeitemoarn lei der in moai laachje iis. Mar moandeitemiddei die bliken dat de baan wer folslein sloopt wie. Dat gebeurde earder dus ek al in pear kear.

De brânwacht hat de Boalserter iisbaan tiisdeitejûn wer ûnder wetter set. It bestjoer hopet dat de fernielers no fuortbliuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)