IIs yn Balk metten mei laser

08 feb 2012 - 10:43

Yn Balk wurdt woansdei op bysûndere wize de dikte fan it iis metten. De Grontmij giet mei laserapparatuer oer it iis dat op in milimeter sekuer oanjaan kin wêr't de swakke plakken sitte. De mjitapparatuer is montearre op in âlde bernewein, dêr't de betsjinner op redens achteroan giet.

Der wurdt foarearst in stik fan 8 kilometer fan De Fluezen metten. De earst resultaten wurde oan it begjin fan de middei ferwachte.

Der is in kâns dat Balk oerslein wurdt by in eventuele Alvestêdetocht fanwege itminne iis. Dêr is in soad teloarstelling oer by de Balksters.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)