IIs Súdwesthoeke net goed

03 feb 2012 - 14:59

Alhoewol't in soad minsken al gek yn de kop binne troch it winterwaar, moat der noch in soad barre foardat echt op grutte skaal riden wurde kin. Yn Súdwest-Fryslân lizze noch ferskate plakken iepen by kanalen en op de marren. De snie dy't freed fallen is, makket it ek net better.

Wakken binne minder goed te sjen en de iisgroei wurdt beheind. Dat seit iismaster Piet Adema fan de iiswege-sintrale Súdwest-Fryslân. Adema jildt ek as in iisspesjalist. Yn de winter fan 1996/97 wie hy belutsen by de iistransplantaasje yn Balk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)