IIs op marren libbensgefaarlik

14 des 2002 - 00:00

De iiswegesintrale Midden-Fryslân hat de needsituaasje útroppen nei't freed fjouwer minsken yn de omkriten fan Grou troch it iis sakke binne. IIsmaster De Vries ropt elkenien op om net mear op marren en brede fearten te reedriden.

De Plysje Fryslân docht yntusken in oprop oan reedriders dy't yn in wek riden binne om har te melden by de plysje. Dat komt tefoaren dat socht wurdt nei minsken dy't al wer thús sitte, nei't se yn in wek riden binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)