IIs noch libbensgefaarlik

02 feb 2012 - 10:58

De iiswegesintrales warskôgje dat it libbensgefaarlik is om op bûtenwetter te riden. Troch de hurde wyn binne der noch in soad wynwekken. As dy tichtfrieze is net mear te sjen wêr't it iis sterk is en wer net.

Johannes de Vries fan de iiswegesintrale Grou is dan ek net bliid mei aksjes fan weachhalzen dy't de Bonkefeart al oergean, omdat dat mear minsken it iis oplûkt.

As de wyn sa as foarsein tongersdeitenacht nei it westen draait en der in laachje snie op it iis komt, sil de situaasje neffens De Vries freed allinne noch mar gefaarliker wurde foar reedriders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)