IIs noch lang net fertroud

17 jan 2013 - 17:07
  • in wek by de wetterpoarte
  • Ofsluters op de Luts

It Frysk Iisbûn warskôget dat it iis op it bûtenwetter noch lang net fertroud is en dat reedride allinne feilich kin op iisbanen en ûnderstrûpte greiden. In tal poldergemalen yn benammen it midden en suden fan de provinsje stiet noch altyd oan, meldt it Wetterskip Fryslân. Dat dogge se om't op guon plakken it grûnwetter oars foar oerlêst soarget. Dat betsjut dat it wetter dêr yn beweging bliuwt, wat de oangroei fan iis net befoarderet. De Luts by Balk hat der sûnt 1984 net sa moai foarlein, mar riders binne der net.

Der leit noch gjin 2 sintimer. Wol wurdt hurd wurke oan de ôfsluters. Der ha noch mar fjouwer froastdagen west en foar in 'Tocht der Tochten' binne yn trochsnee 14 nedich. Dochs slacht de Alvestêdekoarts al betiid ta. Oanwakkere troch guon waarburo's dy't it ha oer reële kânsen dat it oan giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)