'IIs net oeral fertroud'

11 des 2002 - 00:00

De Fryske iissintrales warskôgje foar te grut optimisme oer it iis op sleatten en marren. "It iis is noch te tin om op ride te kinnen," sa seit Cnossen, rayonhaad fan Snits. Neffens him kin der dit wykein noch gjin tochten organisearre wurde.

De provinsje hat woansdei in farferbod ynsteld foar de lytsere farwegen. Sa moat skea troch it iis oan houten wâlbeskoeiings en boaten foarkommen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)