IIs lit Fryske kassa rinkelje

13 feb 2012 - 12:52

Fryslân hat tusken de 50.000 - 100.000 ekstra oernachtings oerhâlden oan de iiswille. Dat is de ynskatting fan promoasjeburo Fryslân Marketing. Gemiddeld jouwe toeristen 100 euro per persoan út, dus hat de Fryske hoareka der miljoenen oan fertsjinne.

Nei de meidieling dat de rayonhaden foar it earst byelkoar kamen, streamden de reservearrings fuortendaliks binnen.

In part dêrfan is ôfsein doe't dúdlik waard dat de tocht net trochgean koe, mar in soad minsken binne dochs foar it wykein nei Fryslân kommen om te reedriden. Gewoanlik is febrewaris krekt in hiele rêstige moanne. Foar de kommende moannen wurdt ek in geunstich effekt fan de winterperioade ferwachte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)