IIs bûtenút noch net fertroud!

31 des 2008 - 10:22
  • Yn Snits wurdt iis metten. Foto: H. v/d Veer
  • Mar it is noch net dik genôch. Foto: H. v/d Veer

De iiswegensintrale warskôget minsken om foaral noch net it bûteniis op te gean. It iis bûtenút is noch lang net fertroud. Op in soad plakken leit noch mar in pear sentimeter. Neffens de iiswegensintrale is it net earder fertroud as dat der in sentimeter of acht leit.

Minsken miene te gau dat se bûtenút ride kinne. Mei in lyts groepke is dat noch wol te dwaan, mar it iis kin noch net grutte kloften minsken tagelyk oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)