IFKS yn 2009 earder as SKS?

09 sep 2008 - 17:49
  • IFKS foar de SKS? (foto Martin de Jong)

It IFKS kampioenskip Skûtsjesilen driget yn de problemen te kommen trochdat it SKS kampioenskip takom jier in wike letter syld wurdt. De SKS sylt no fan 18 oant 31 july.

It is gebrûklik dat de IFKS nei de SKS sylt, mar dit kear is dat in probleem omdat de fakânsjes dan nei alle gedachten foarby binne. En dan moatte de bemanningen fan de skûtsjes frij nimme om sile te kinnen. Mooglik is dat probleem wat minder grut at der foar de SKS útsyld wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)